Ferpofamtner moaiste wurd 2011

Ferpofamtner is it moaiste Fryske wurd fan 2011. Dat komt út in enkête fan de Ried fan de Fryske Beweging. In ferpofamtner wol as amtner fan de boargerlike stân gjin homo's of lesbiennes trouwe. Yn it Nederlânsk is de oersetting fan ferpofamtner 'weigerambtenaar' útroppen ta moaiste wurd fan 2011. As twadde wurd einige 'bommerommer', ien dy't bommen ûnskealik makket. Op it tredde plak by de moaiste Fryske wurden einige 'kofferke-tiisdei'. Dat betsjut de tredde tiisdei yn septimber, of wol Prinsjesdag dêr't gjin goed Frysk wurd foar is.
Op de webside www.itnijs.nl is de poll 1.928 kear oanklikt, mei trochdat it Genootschap Onze Taal de stimming fia syn webstee en Twitter buorkundich makke. Ferpofamtner is nei in wike stimmen de winner wurden mei 30,7% fan de stimmen. In pear lêzers presintearren wurden dy’t net yn de seleksje stiene. It giet om ‘hipperhapke’ (insectensnack), mei ‘snippersnapke’ as fariant. Fierders waard ‘ûnthâldstokje’ (usb-stick) neamd.