Flyers ferlieze nei pennels

© Omrop Fryslân
De Friesland Flyers fochten op it eigen iis as liuwen, mar gongen tsjin Eindhoven nei ferlinging en penaltysjitten wol mei ferlies fan it iis. De earste perioade waard wûn mei 1-0 troch in doelpunt fan Marcus Pryde. Yn de twadde perioade waard net skoard, al hie de thúsploech in pear gouden kânsen. Eindhoven wûn de tredde perioade mei 2-1. Yn de ferlinging opnij gjin goals, mei de pennels wie Eindhoven krekt better.