Studio Súdwest as omrop yn SWF

De nije lokale omrop fan Súdwest-Fryslân krijt de namme 'Studio Súdwest'. Fan 1 maart of 1 april ôf moat der ien programmearring wêze foar de hiele gemeente. Doe't de gemeente SWF yn 2011 in feit wie, wie der al ien lokale omrop. Troch reboelje tusken de bestjoersleden en de frijwilligers rûn dat mis. Nei bemuoienis fan wethâlder Sinnema is in nij bestjoer kaam. De goed 100 frijwilligers binne freed ynljochte oer de takomstplannen. Studio Súdwest hat studio's yn Boalsert, Snits en Koudum. Dy bliuwe foarearst alle trije iepen.