Skaaf mut blieve wol lege hier

07 okt 2013 - 12:20

Boargerinisjatyf 'Skaaf mut Blieve' docht in berop op de gemeente Ljouwert om ôf te sjen fan in hierbedrach fan mear as 30.000 Euro foar it sealekompleks. Oars kin de groep Sealen Schaaf net yn eksploitaasje nimme. Dat seit Joop Fenstra, ien fan de foarmannen fan Skaaf mut blieve.

De groep krige foar de simmer tastimming fan de gemeenteried om Sealen Schaaf de kommende trije jier te brûken. Mar doe is neffens Fenstra net oer in hierbedrach praat. Dat de gemeente dêr no wol om freget komt as in ferrassing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)