Wike van de opfieding los

07 okt 2013 - 11:55

De tredde edysje fan de Wike fan de Opfieding is moandei fan start gien. It tema dit jier is 'Word Spelenderwijs'. Wethâlder Thea Koster fan de gemeente Ljouwert iepene moandeitemoarn mei in groepke bern op boartlike wize de Wike fan de Opfoeding. Yn Ljouwert, mar ek op oare plakken yn Fryslân, binne fan 7 oant en mei 13 oktober ferskate aktiviteiten foar âlders en bern.

Sa binne der lêzings, binnendoarpicknicks en is der in RuilCafé dêr't âlders klean en boartersguod mei inoar ruilje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)