De Jong wint iepen NK gersbaan

06 okt 2013 - 17:42

Gersbaankoereur Jannick de Jong fan De Gordyk hat snein it iepen Nederlânsk kampioenskip gersbaanracen op syn namme skreaun. De Jong wûn de lêste wedstriid yn Eenrum en pakte dêrmei de einoerwinning. It sulver yn it klassemint wie foar Dirk Fabriek, dy't yn Eenrum as tredde einige.

Mark Stiekema waard twadde yn de wedstriid yn Eenrum en moast tegearre mei Henry van der Steen útfjochtsje waard úteinlik it tredde plak yn it einklassemint krige. Dizze striid waard wûn troch Stiekema, dy't it brûns omhong krige yn Eenrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)