Iepen dei pleechsoarch: 3 man

06 okt 2013 - 12:03

De iepen dei fan de pleechsoarch yn Fryslân is striemin besocht. Mar trije belangstellenden kamen op besite by ien fan de sân húshâldings dy't meidiene. Yn Fryslân binne der sa'n 700 gesinnen dy't bern opheine. Dêr moatte alle jierren sa'n 60 húshâldings by. Op dit stuit slagget dat noch goed.

It ferlet oan pleechgesinnen sil yn de takomst allinnich mar grutter wurde. Benammen omdat it wichtich is dat bern opheind wurde yn húshâldings en net yn ynstellings.

Trefwurden: 
iepen dei pleechsoarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)