3 Gouden Gurbes nei Jorwert

It iepenloftspul fan Jorwert foel sneon trije kear yn de prizen by de útrikking fan de Gouden Gurbes, de prizen foar de bêste iepenloftspullen. It stik fan Jorwert 'De kloklieder fan Nijdaam' krige in Gurbe foar haadrolspiler Wybo Smids, foar de rezjy fan Tsjerk Kooistra en de publykspriis. Neffens de sjuery wie 'De Drie gebroeders' fan Snits it bêste stik.
It stik 'Terpwert' fan Dronryp krige in Gurbe foar de bêste foarmjouwing en spiler Frans Planken fan 'De Oerfal' krige in Gouden Gurbe foar de bêste byrol.