Ofskie Liedboek yn Easthim

06 okt 2013 - 10:56

Snein wurdt de hiele dei songen yn de tsjerke fan Easthim. Dêrmei wurdt ôfskie nommen fan it fjirtich jier âlde Liedboek. Alle 491 gesangen fan it Liedboek wurde achterinoar songen. De maraton sil de hiele dei duorje, oant nei achten sneintejûn.

Elk dy't meisjonge wol kin dat dwaan. It fynt plak yn de Johannestsjerke fan Easthim. It giet om in inisjatyf fan de protestânske gemeente fan Easthim, Abbegea en Folsgeare.

Trefwurden: 
sjonge Easthim Liedboek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)