Het Pulletje wint yn Langwar

05 okt 2013 - 17:51

De roeisloeperace yn Langwar is sneon wûn troch Het Pulletje út Katwyk. De manlju kamen nei 1 oere en 32 minuten oer de einstreek op it farwetter yn Langwar. By de froulju gong de winst yn de haadklasse nei de Lytse Bear fan De Jouwer, dy't in tiid fan 1 oeren en 55 minuten klokten.

By de manlju giet Het Pulletje oan de lieding yn it algemien klassemint, folge troch Trewes 2 en op it tredde plak de Razende Snol. By de froulju stiet de Beluga fan Snits boppe-oan yn it klassemint. De Ladykiller stiet twadde, folge troch De Mac.

Trefwurden: 
Langwar sloeproeien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)