Iepen huzen lûke 1800 sjoggers

De iepen-huze-rûte fan de makelers hat in sukses west yn Fryslân. Yn trochsneed kamen der yn alle 1800 Fryske wenningen dy't te keap steane, twa-en-in-heale besiker. Yn Ljouwert wie it gemiddelde noch wat heger: trije besikers foar elts hûs.
Ien hûs waard sneon fuortendaliks ferkocht. De organisearjende NVM makelers binne tefreden, want in healjier lyn kamen de helte minder minsken op de iepen-huze-rûte ôf.