Sneu ferlies Drachtster Boys

Drachtster Boys hat sneon mei 2-1 ferlern fan ACV. Yn Assen kaam de ploech fan trainer Fred de Boer yn de 28e minút op foarsprong doe't Willem de Jong in strafskop fersulvere. Lang liken de Boys mei dizze foarsprong de klaaihokken op te sykjen, mar yn 'e ekstra tiid fan de earste helte foel de lykmakker.
Nei rêst wie it de thúsploech dy't de lieding oernaam. Yn de slotfaze krigen de Drachtsters de útlêzen kâns op de lykmakker, mar de twadde strafskop fan De Jong waard keard troch de keeper.
Drachtster Boys stiet nei fiif wedstriden noch altyd op 3 punten yn de sneonshaadklasse C.