Bouwmeester as 2e nei finale

© Richard Langdon
Marit Bouwmeester giet sneon as twadde de medaljerace yn by it wrâldbekersilen yn Miami. Yn har Laser Radial waard de wrâldkampioen út Warten freed twadde en fiifde. De liedster fan it klassemint, Lijia Xu út Sina, die it krekt oarsom: fiifde en twadde. It ferskil tusken de beide konkurrinten bliuwt sadwaande seis punten: 26 om 32 punten. Evi van Acker (België) is tredde mei 45 punten.
Yn de medaljerace sile de earste tsien fan it klassemint en telle de punten dûbel. Bouwmeester moat twa plakken foar Xu einigje om goud te winnen.