Plysje ûndersiket brânstifting

05 okt 2013 - 15:33

De plysje ûndersiket twa mooglike gefallen fan brânstifting, freedtejûn op It Hearrenfean. Op de Ljouwerterstrjitwei waard in kontener yn brân stutsen. Ek waarden de bannen fan de auto fan de 34-jierrige eigenaresse fan de kontener lek stutsen.

Justjes letter krige de brânwacht in melding fan in brân yn in kontener op de Dovenetel. De plysje ûndersiket oft der in ferbân is tusken beide brannen.

Trefwurden: 
brânstifting brân
(advertinsje)
(advertinsje)