Plysje hâldt karavandieven oan
De plysje hat freedtemiddei twa manlju oanhâlden foar it stellen fan in karavan yn Noardwâlde. Freedtemoarn ûntduts de 47-jierrige eigener dat de karavan stellen wie. Hy waard weromfûn op in parkearplak by Havelte.
Koart dernei waarden de twa manlju, ien fan 52 jier út Stegeren en ien fan 19 jier út Ljouwert, oppakt. Beide binne ynsletten om fierder heard te wurden.