Mei 100 km troch Yndyske buert

05 okt 2013 - 13:21

In Ljouwerter (22) is yn de nacht fan freed op sneon oppakt omdat er dronken en mei 100 kilometer de oere troch de Ljouwerter Timorstrjitte ried. Op dat plak is 30 kilometer de oere de maksimum snelheid. De man waard trapearre troch in motoragint, mar sloech op de flecht.

By de rotonde op de Archipelwei naaiden de twa ynsittenden rinnend út. De bestjoerder is letter yn de boskes fan de Esdoarnstrjitte oanholden foar gefaarlik rydgedrach en it riden ûnder ynfloed. Syn rydbewiis is ynfoardere.

By de sykaksje nei de man waard de plysje holpen troch ferskate buertbewenners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)