Man mei fjoerwapen oanhâlden

05 okt 2013 - 11:49
Pistoal - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Ljouwert in man mei in fjoerwapen oppakt. De arrestaasje fan de 23-jierrige Ljouwerter wie yn syn wenning oan de Seestertrjiite.

De man sit noch fêst, it wapen is yn beslach naam. De man ferklearre dat er it wapen yn hûs hie om himsels te beskermjen, mar hie der gjin fergunning foar. De plysje wie de man troch in tip op it spoar kaam.

Trefwurden: 
oppakt fjoerwapen
(Advertinsje)
(Advertinsje)