Plysje pakt oerfaller

27 jan 2012 - 20:59

De plysje hat in 27-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't moandeitejûn yn Drachten in 27-jierrige Drachtster oerfallen hie. Hy berôve de man op strjitte fan syn beurs en naaide út mei syn auto, in Opel Corsa. Hy ried derby oer de betonnen trep fan in tsjerke en kaam hast fêst te sitten. In tsjûge notearde it kenteken fan de oerfaller. It sinjalemint fan de eigener fan de auto wie itselde as dat fan de oerfaller.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)