Portret Beatrix yn Wolvegea

05 okt 2013 - 11:24

Fan sneon ôf is yn Wolvegea it staasjeportret fan Beatrix te sjen dêr't eartiids in protte spul om wie. It giet om it portret út 1980, doe't Beatrix krekt keninginne wie, skildere troch Anton Verhey út Aldeholtpea. It portret waard belake troch kabaretiers - Beatrix soe as in optutte folksfrou ôfskildere wêze.

Doe't de diskusje út de hân rûn, grypte de oerheid yn. It skilderij waard út de riedseal fan Wolvegea helle en kaam yn it depot fan de Rykstsjinst foar Cultureel Erfgoed telâne, dêr't it 32 jier lein hat.

De útstalling 'Vorst & volk' is oant en mei 31 oktober te sjen yn de hal fan it gemeentehûs fan Weststellingwerf

Trefwurden: 
Beatrix portret Anton Verhey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)