'Gjin imagoskea 50-pluspartij'

04 okt 2013 - 17:06

Frysk regionaal foarsitter Jan Waterlander fan de 50-pluspartij tinkt net de opskuor oer it opstappen fan Henk Krol de ein fan de partij betsjut. Waterlander is net bliid mei alle negative publisiteit fan de partij.

De opskuor ûntstie troch it opstappen fan Henk Krol, lanlik foaroanman fan de 50-pluspartij. Krol soe, doe't er noch haadredakteur fan de Gaykrant wie, gjin pensjoenpreemje foar syn personiel betelle hawwe. Dat melde de Volkskrante freedtemoarn. Der is al langere tijd dalje yn de partij.

Ferline wike stapten ek al trije bestjoersleden op. Waterlander en oare Fryske partijleden binne net fan slach troch in pear minsken dy't der lanlik mei ophâlde. De Fryske ôfdieling giet gewoan troch mei de tariedings foar de Fryske steateferkiezings yn 2015. Wichtige tema's binne wentebou en soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)