Nije haadsponsor foar Aris

Basketbalklup Aris hat in nije haadsponsor fûn yn Univé. Univé en Dijkstra Draisma sille it kommende seizoen op de shirts stean. De namme bliuwt gewoan Aris Leeuwarden. Univé hat him foar trije jier oan Aris bûn. Mei de komst fan de sponsoaren is Aris foar de kommende trije jier sa goed as wis fan basketbal yn de earedivyzje.
Aris begjint sneon mei in thúswedstriid tsjin Amsterdam oan it nije seizoen.