Ynfosintrum oer Noarderleech

04 okt 2013 - 15:47

It Kweldersintrum Noarderleech by Hallum moat alle jierren 15.000 à 20.000 ynternasjonale besikers lûke. Dat hopet direkteur Henk de Vries fan it Fryske Gea. It nije ynformaasje- en moetingsintrum fan It Fryske Gea waard freed offisjeel iepene troch deputearre Tineke Schokker. It sintrum is foar it grutste part betelle mei jild út it Waadfûns.

Neffens De Vries is it Fryske Waad in bysûnder gebiet dat better ynternasjonaal op 'e kaart set wurde moat. It Fryske Gea wol dat dwaan mei tentoanstellings, lêzings, ekskurzjes en Waadrintochten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)