'Dioksine'-pikehâlders socht

04 okt 2013 - 15:32

De gemeente Harns is op syk nei de skarrelhinhâlders dy't meidien hawwe oan it ûndersyk nei dioksine. De fraksje fan Frisse Wind hie earder al ûndersyk útfiere litten nei dioksine yn aaien. De partij wol de gemeente lykwols de nammen en adressen fan de hinnehâlders net jaan. De gemeente kin dêrom it ferfolchûndersyk net dwaan.

Harns ropt de belutsenen no op om harren te melden.

(advertinsje)
(advertinsje)