ADO-Hearrenfean giet net troch

04 okt 2013 - 13:42

De wedstriid dy't SC Hearrenfean sneon spylje soe tsjin ADO Den Haag giet net troch. De KNVB hat it fjild ôfkard. Ofrûne woansdei wie der al in soad kommentaar op it fjild nei de wedstriid ADO-Vitesse. Der soene tefolle gatten yn sitte. De KNVB skeakele dêrop in ûnôfhinklik buro yn om it fjild te besjen. Nei de útkomst fan it ûndersyk hat de KNVB freed besletten dat de wedstriid net spile wurdt.

It is noch net bekend wannear't de wedstriid ynhelle wurdt. De KNVB nimt dêr sa gau mooglik in beslút oer.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean KNVB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)