Iepen dei diere-asyl

04 okt 2013 - 13:31

Fanwege dieredei hâldt diere-asyl De Swinge yn Drachten sneon iepen dei. Se ferwachtsje in pear hûndert besikers, fan wa't guon grif in kat, in hûn of in knyn meinimme sille. Yn in jier tiid tiid komme der wol fiifhûndert dieren by De Swinge. Dochs sitte se net fol, want de trochstream is goed. Se meitsje gebrûk fan sosjale media om dieren oan de man te bringen en dat slagget faak hiel goed.

Op de aksjedei wurdt iten en oar guod ynsammele troch frijwilligers by in supermerk yn Drachten.

Trefwurden: 
diere-asyl De Swinge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)