Staking yn 'e metaal

04 okt 2013 - 13:13

Sawat 380 Fryske wurknimmers yn de metaal hawwe freedtemoarn it wurk dellein. It giet om wurknimmers fan ferskate bedriuwen, lykas de FIB yn Ljouwert, Meijer Plaatbewurking yn Sint Jabik en Shipdock yn Harns. Se stake foar in bettere CAO.

De stakers kamen by-inoar yn Sealen Tivoli yn Ljouwert. Dêr waarden se tasprutsen troch fakbûnsminsken. It giet om de twadde stakingsdei yn Fryslân. Ferline wike freed leine ferskate metaalwurkers it wurk ek al del.

Trefwurden: 
staking CAO metaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)