Boetes foar lânbouferkear

Trekker © ANP
De plysje hat tongersdei by Harns in kontrôle fan karren en lânbouferkear hâlden. Dêrby waarden fjirtjin bekeurings útdield, ûnder oare foar glêde bannen, it net om hawwen fan de autogordel en stikkene ferljochting.
De kontrôle waard dien yn gearwurking mei de Rijksdienst voor het Wegverkeer. Mei-elkoar waarden fjirtich karren en fyftjin lânboufoertugen kontrolearre.