Fragen Jacobi oer dongsilo's

De dongsilo yn Makkingea dêr't trije deaden foelen © ANP
Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea hat fragen steld oan de steatssiktaris fan ekonomyske saken oer de feiligens fan dongsilo's. Oanlieding is it ûngelok fan juny op de pleats fan de famylje Lemmens yn Makkingea. Dêrby kamen trije minsken om it libben, wêrûnder ien fan de soannen fan it gesin.
Jacobi hat earder oanjûn dat sy fynt dat de regeljouwing foar dongsilo's oanpast wurde moat. Se wol no fan de steatssiktaris witte oft dy dat ek fynt en hoe't de regeljouwing yn it bûtelân him ferhâldt ta dy by ús.