'Gjin hûnestrân op 'e Lemmer'

04 okt 2013 - 08:56

It plan fan de gemeente Lemsterlân om by De Lemmer in stik strân oan te wizen as útlitgebiet foar hûnen giet mooglik net troch. Op fersyk fan in hûne-eigener hat de gemeente neitocht oer it plan.

Ynearsten wie de gemeente entûsjast, mar no docht bliken dat it mooglik gefaar foar de folkssûnens opsmyt. De stront fan de hûnen soe foar fersmoaring fan it wetter by it strân soargje kinne. Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenterie dêrom foar om dochs net mei it hûnestrân yn te stimmen.

Trefwurden: 
De Lemmer hûnestrân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)