Snelheidsmonster pakt by Snits

03 okt 2013 - 17:25

De plysje hat tongersdei it rydbewiis ynnaam fan in automobilist dy't 76 kilometer yn 'e oere te hurd ried op de Koaiwei by Snits. De man ried 136 dêr't 60 tastien is.

By de kontrôle binne, neist fjouwer bekeurings foar snelheid, ek bonnen útskreaun foar net-handsfree beljen en it net omhawwen fan de feilichheidsriem.

Trefwurden: 
Snits snelheidskontrôle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)