Taart pasjinten Tjongerskâns

03 okt 2013 - 14:56

Pasjinten en besikers fan sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean krije tongersdei wat lekkers. Dat is omdat frijwilligersorganisaasje UVV 25 jier aktyf is yn it sikehûs.

De organisaasje begûn yn 1988 mei 40 frijwilligers, yntusken binne dat der 90. Dy binne aktyf by de polykliniken en op de ferpleechôfdielings. It UVV hat lanlik 70 ôfdielings, mei 12.500 frijwilligers. De organisaasje bestiet sûnt 1945.

Trefwurden: 
Tsjongerskâns taart UVV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)