Van der Laan werom by Cambuur

03 okt 2013 - 12:45

Martijn van der Laan stiet yn de thúswedstriid fan Cambuur, freed tsjin FC Twente, wer yn de basis. Syn skorsing fan twa wedstriden sit der op. Oanfierder Ramon Leeuwin trainde freed amper mei mei de seleksje. Hy hat wat hinder fan de knibbel, mar ek hy kin wol spylje. Fierder feroaret trainer Dwight Lodeweges neat yn de opstelling. FC Twente is de koprinner fan de earedivyzje. Neffens Lodeweges moat Cambuur "gecontroleerde druk" útoefenje op FC Twente om ta in goed resultaat te kommen. Cambuur-FC Twente begjint freed om 20.00 oere.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)