KNVB sil fjild ADO keure

03 okt 2013 - 12:36

De KNVB lit in ûnôfhinklik buro sjen nei it fjild fan ADO Den Haag, dat meldt de NOS. Sportklup Hearrenfean moat kommende sneon tsjin ADO spylje op dat fjild. De fraach is lykwols oft dy wedstriid wol trochgean kin. Woansdeitejûn wie der nei ôfrin fan de wedstriid ADO Den Haag-Vitesse in soad kommentaar op de tastân fan it fjild. Der sitte nochal wat gatten yn.

Kommende freed nimt de KNVB oan de hân fan de resultaten fan it ûndersyk in beslút oer it trochgean fan de wedstriid.

Trefwurden: 
fuotbal KNVB fjild ADO Den Haag
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)