Echte bommen op de Vliehors

03 okt 2013 - 12:06

F-16's smite fan moandei ôf bommen mei in eksplosive lading op de Vliehors op Flylân. It giet om in oefening fan de Keninklike loftmacht, dy't twa wiken duorret. Yn dy perioade wurde sa'n 50 bommen ôfsmiten. It giet dan om saneamde 500-pûners. De oefenings binne moarns en op 'e neimiddei.

Mooglik wurdt der oanslutend troch de Belgyske loftmacht noch oefene boppe de Vliehors. Dy smite dan sa'n tweintich 500-pûners ôf. Oft de oefenings trochgean hinget noch wol fan it waar ôf.

Trefwurden: 
Flylân bommen Vliehors
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)