Medaljes foar twa rêders

De rêders krigen de medalje fan boargemaster Crone. © gemeente Ljouwert
Boargemaster Crone hat woansdei twa medaljes útrikt fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen. De hear Fonk krige de medalje foar it rêden fan in reedrider út it wetter fan de Grutte Wielen. De man koe rêden wurde troch de aksje fan Fonk, dy't mei omstanners in minsklike ketting makke om sa de man út it iiskâlde wetter te lûken.
De hear Bloemink rêde in frou út it Van Harinxmakanaal. De frou wie mei de auto te wetter rekke en koe net by de steile kant op komme. De frou hie al in skoft yn it wetter lein doe't Bloemink har rêde koe.