Taalwet troch Earste Keamer

De Earste Keamer wurdt ek wol 'Chambre de reflexion' of neitinkkeamer neamd © ANP
De Earste Keamer is tiisdei akkoart gien mei de Wet gebrûk Fryske Taal. De Twadde Keamer wie earder al akkoart. Mei it oannimmen fan de wet mei elkenien yn Fryslân yn de rjochtseal en yn it kontakt mei bestjoersorganen de eigen taal, Nederlânsk of Frysk, brûke.
De ynstelling fan in Orgaan foar de Fryske taal is ek ûnderdiel fan dizze wet. Dit nije Orgaan hat aanst in wetlik foech en sjocht ta op de tapassing fan de Wet gebrûk Fryske taal en rapportearret dêroer oan de minister fan Ynlânske Saken en it Kolleezje fan Deputearre Steaten.