Nason mei spylje foar Flyers

De Flyers wiene sneon folle sterker as Dordrecht © Nicolien Sijtsema
Iishockeyer Mike Nason hat mei sukses in beslissing fan de iishockeybûn oanfjochte. Dêrtroch mei de Kanadeeske Nederlânner no útkomme foar de UNIS Flyers. De iishockeybûn hie de regel dat der net mear as fiif bûtenlânners yn ien team spylje mei. Nason wennet al sa lang yn Nederlân dat hy fynt dat hy as Nederlânner beskôgge wurde moat. No hat de iishockeybûn besletten de regel fan maksimaal fiif bûtenlânners te skrassen. Nason makket no gjin diel út fan de seleksje, mar Flyers sil no wol mei him yn petear.