Romtefeart yn museum yn Burgum

Mei in nije eksposysjeromte oer de romtefeart hoopje it streekmuseum en de Folksstjerrewacht yn Burgum mear besikers te lûken. No komme der jierliks 9000 minsken del, dat moatte der eins tûzen mear wurde. Yn de romte steane tal fan replika's fan ferneamde raketten, romtestasjons en satelliten. De measten binne liend fan oare musea en samlers. Dêrneist binne der films te sjen fan ferneame romtereizen nei bygelyks it romtefeartstasjon ISS. De eksposysje is noch te sjen oant en mei 15 maart 2014.