Diel OAD-reisburo's oernaam

02 okt 2013 - 14:36

Goed 80 fan 150 Globereisburo's fan it fallite OAD geane oer nei D-reizen. Dat hat de organisaasje woansdei bekend makke. Yn Fryslân binne trije Globe-reisburo's, mar oft ek dy oergeane op de nije eigener is noch ûnwis. Dêr wurdt op dit stuit noch oer ûnderhannele tusken de kurator en D-reizen.

Ein dizze wike moat deroer mear dúdlikheid komme. Yn Fryslân binne festigings yn Surhústerfean, Snits en Burgum.

Trefwurden: 
fallyt reisburo D-reizen OAD
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)