Iepen dei sneon by Vitens

Wetterbedriuw Vitens hâldt sneon iepen hûs yn syn laboratoarium yn Ljouwert. Belangstellenden kinne tusken 10.00 en 15.00 oere besjen wat dêr dien wurdt, ek bern binne dêrby fan herte wolkom. It giet yn Ljouwert om it grutste drinkwetterlaboratoarium fan Noardwest-Europa. De iepen dei is ien fan de ûnderdielen fan de lanlike dei fan de gemy.
Neist Vitens dogge yn Fryslân ek BASF Nederland en Bosma Logistiek yn Aldehaske mei. De iepen dei is tusken 10.00 en 15.00 oere.