De Stiennen Man is opknapt

02 okt 2013 - 12:23

De restauraasje fan it byld fan De Stiennen Man by Harns is klear. It byld op de Westerseedyk is foar 35.000 euro opknapt. Foar dat jild is it ûnder oare skjinmakke en binne beskeadige stikken sânstien ferfongen. Troch is fallisemint fan it boubedriuw dat it wurk útfiere soe, is de opknapbeurt in jier letter klear as pland. Freed wurdt it wurk oplevere. Nei de restauraasje draacht Wetterskip Fryslân it byld oer oan Stichting Waterschapserfgoed. Dy klup hat al 23 objekten, de measte dêrfan binne ryksmonuminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)