SP: rjochter sjen nei Caparis

02 okt 2013 - 11:42

De SP-riedsfraksje yn Smellingerlân wol dat mei in strafrjochtlike proseduere dúdlik wurdt hoefolle meiwurkers oft de eardere Caparis-direkteur Wilco de Vreeze fia syn priveebedriuw oan it wurk hie by de sosjale wurkfoarsjenning. Undersyksburo BING hat by in twadde ûndersyk nei mooglike tsjinstridige belangen besocht om de administraasje fan De Vreeze syn ûndernimming yn te sjen, mar dêr wurke hy net oan mei.

Ut earder ûndersyk hat al bliken dien dat twa Caparis-meiwurkers as ynterimmer oan it wurk wiene.

Hoewol't in strafrjochtlike proseduere lang duorret en in soad jild kostet, sil de SP Smellingerlân der yn de ried foar pleitsje om dit wol te dwaan.

Trefwurden: 
Caparis SP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)