Schellenberg út fraksje PvdA

02 okt 2013 - 10:55

PvdA fraksjefoarsitter Martin Schellenberg fan Skylge stapt út de PvdA gemeenteriedsfraksje en giet allinnich fierder as Lijst Schellenberg. Dat hat er besletten nei in petear mei de kandidaatsstellingkommisje foar de nije ferkiezings yn maart. De petearen binne geheim, mar wol is dúdlik dat der foar him net in ferkiesber plakje yn sit. It is al de twadde riedsfraksje dy't út mekoar falt.

Earder dit jier stapten twa fraksjeleden fan Plaatslik Belang Terschelling út har fraksje. De PvdA giet troch mei trije leden yn de ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)