Namme útkeazen foar potfisk

De gemeente Harns hat de namme bekend makke fan de potfisk, dy't dizze simmer oanspielde op Skylge. It bist hyt Sil. By de iepen dei fan de Fiskfeiling yn Harns binne besikers om in namme frege. Mear as 100 minsken hawwe in suggestje dien, de gemeente hat dêr ien útkeazen. Dy is bekend makke by in byienkomst op it gemeentehûs, ek krige de betinker, de famylje Brandsma in kado. Se meie in jier lang fergees nei it Natuermuseum yn Ljouwert.
De potfisk wurdt op dit stuit opset en krijt dêrnei in plak yn de havens fan Harns.