Elektryske auto yn A'karspelen

Elektryske auto yn Achtkarspelen
Personiel fan de gemeente Achtkarspelen kin tenei foar syn tsjinstreizen gebrûk meitsje fan in elektryske auto. De gemeente wol sa de útstjit fan CO2 troch auto's fan gemeentepersoniel ferminderje. Ek hopet Achtkarspelen dat personiel faker op 'e fyts nei it wurk komt, omdat der foar de tsjinstreizen no in auto beskikber is.
Ferline jier hat de gemeente de elektryske auto al in wike besocht en dat hat sa goed foldien dat der no in jier lang in auto beskikber is.