Winterrêstgebieten foar fûgels

01 okt 2013 - 23:01

Yn Súdwest-Fryslân binne tenei yn de winter guon stikken fan de marren oanjûn as winterrêstgebieten. De provinsje hat dit dien yn it ramt fan de kampanje "Geniet en vaar bewust, gun vogels in de winter hun rust', dy't moandei los gien is. De gebieten lizze ûnder oare yn de Snitser Mar, de Wite Brekken en de Fluezen.

Wettersporters wurde frege om tusken 1 oktober en 1 april de gebieten net yn te gean. De rêstgebieten binne ôfsetten mei giele boeien. De bysûndere fûgels dy't hjir oerwinterje krije sa de rêst dy't se noadich hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)