Staveringshifker foar Word2010

© Omrop Fryslân
De digitale Fryske staveringshifker is no ek geskikt makke foar Word 2010. It korreksjesysteem is te downloaden fan de webside fan de Fryske Akademy. Dit rint foarút op it folsleine Wurdboekportaal dat de Fryske Akademy op dit stuit ûntwikkelet yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Yn dat portaal komt neist de staveringshifker ek in wurdboek en in oersettsjinst.
De provinsje stribbet dernei om de taal sa fitaal as mooglik te hâlden en dat freget om de nijste taalmiddels.