Jan Smink wint Bocuse d'Or

01 okt 2013 - 20:21

Jan Smink, sjefkok fan restaurant Kwartier Noord yn Ketlik hat tiisdei de Nederlânske finale fan de Bocuse d'Or wûn. Smink wurke earder yn België by Le Soleil en as sous-sjef op Lauswolt yn Beetstersweach. Jan Smink hat him hjirmei mei syn kok Lars Aukema pleatst foar de Europeeske finale. Dy is op 7 en 8 maaie takom jier yn Stockholm. Dêr kin er him pleatse foar de grutte finale, jannewaris 2015 yn Lyon.

Yn 2009 die Smink ek mei oan de striid om de Bocuse d'Or. Hy wie doe de help fan sjefkok Marco Poldervaart. Se waarden alfde.

Wesley Tolman, dy't no sous-sjef is op Lauswolt stie ek yn de Nederlânske finale, mar hat it dus net rêden.

Trefwurden: 
Jan Smink Bocuse d'Or
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)