Ofslútdyk ticht troch ûngelok

01 okt 2013 - 18:54

De Ofslútdyk yn de rjochting fan Fryslân hat tiisdei in skoft ticht west yn ferbân mei in slim ûngelok. By Breesândyk wie in frachtauto op in file ynriden. Dy stie dêr yn ferbân mei wurk oan de dyk. Der waarden trije persoane-auto's ramd, de earste auto fleach dêrtroch yn 'e brân. Omstanners koene de bestjoerder út Grins út de auto helje, hy is mei swiere brânwûnen mei de helikopter nei it VU-sikehús yn Amsterdam brocht.

By it ûngelok wiene twa Fryske frachtautosjauffeurs belutsen. It giet om de bestjoerders fan de frachtauto's dêr't in man út Grins mei syn auto tusken bedarre. Ien fan de frachtautosjauffeurs moast nei it sikehûs, hy hie nek en búkklachten. De oare sjauffeur koe op it plak sels behannele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)