Zonderland yn tastelfinales WK

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat him by it wrâldkampioenskip turnjen yn Antwerpen pleatst foar twa tastelfinales, op de rekstôk en de brêge. Fral it lêste finaleplak is ferrassend. Zonderland stie nei moandei achtste op dat ûnderdiel. Lokkich foar him kamen der tiisdeitemoarn gjin turners oer syn skoare hinne. Op de rekstôk pleatste Epke Zonderland him as tredde foar de finale. Zonderland is Olympysk kampioen op dat ûnderdiel.
De tastelfinales wurde sneintemiddei turne yn it Sportpaleis yn Antwerpen.